Ferlies foar Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandei mei 2-1 ferlern fan FC Twente.
Yn de 36e minút kaam de thúsploech op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Eljero Elia. Nei it skoft yn de 53e minút makke Arnor Smárason de lykmakker foar Hearrenfean. Yn de 77e minút waard it 2-1 troch in doelpunt fan Andrej Rendla. Yn de lêste minút hie SC Hearrenfean noch in goeie kâns op de lykmakker, mar de bal gie der krekt net yn.