Waterlander troch as Djip Read

Fraksjefoarsitter Waterlander fan Djip read
De fiif eks-PvdA riedsleden yn Littenseradiel gean troch ûnder de namme Djip Read.
Dat hat fraksjefoarsitter Jan Waterlander moandeitejûn bekendmakke yn in ferklearring yn de riedsgearkomste. De fiif leden bliuwe yn elts gefal ûnder dy namme yn de ried oan it ein de sittingsperioade yn 2010. Sa it no liket giet de partij dêrnei net troch. Waterlander hâldt der dan yn elts gefal mei op.