Rouvoet op besite yn jeugdkeet

08 okt 2007 - 18:21

Minister Rouvoet fan jeugdsaken is net yn it foar negatyf oer jeugdketen.

Dat die moandeitemiddei bliken by in besite oan in jongereinkeet yn Aldwâld. Dizze binne de lêste jierren faak negatyf yn it nijs. Der soe bot sûpt wurde, it jout oerlêst en ek de hoareka fernimt it yn de beurs. De jeugd fûn it wol aardich dat sels in minister harren honk ris besjen woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)