Rjochtsaak Polderhoofdkanaal

08 okt 2007 - 14:37

De Fryske Feriening fan Fjildbiologen, hat in koart pleit oanspand tsjin it ministearje oer it Polderhoofdkanaal. Foar it wer befarber meitsjen fan dat kanaal by Nij Beets hat it ministearje fan Lânbou en Natuer in ûntheffing jûn op de Flora- en Faunawet.

De natuer yn it kanaal is sa bysûnder dat de FFF beswier oantekenet by de rjochter. Mooglik docht de Fryske Miljeu Federaasje letter ek noch mei. It koart pleit tsjinnet tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)