Buske kypt om by botsing

It buske is omkypt by de botsing (foto: Boukje Hendrika Weistra)
Op de Foarwei yn Kollumersweach hat moandeitemoarn in oanriding west tusken in persoane-auto en bestelbuske. Dêrby rekke de bestelbus op syn kant.
It ûngemak barde op de krusing fan 'e Foarwei mei de Triemsterloane. De ynsittenden kamen mei de skrik frij. Oer de oarsaak fan de oanriding is noch neat bekend.