'Alves better as Van Basten'

Alves skoart 5-0 troch de skonken fan Pieckenhagen (foto Martin de Jong)
Afonso Alves is in bettere spits as Marco van Basten. Dat stiet yn it parseberjocht fan Wagner Augusto, de wurdfierder fan Alves, oer de 7 goals dy't Alves snein makke tsjin Heracles. Alves ferbruts dêrmei it rekôr fan 6 goals yn ien wedstriid, dat op namme stie fan Marco van Basten.
Der bliuwt wol wat te ferbetterjen oer, want de Braziliaan Dario skoarde yn 1975 tsien kear yn ien wedstriid yn de Braziliaanske kompetysje.