Jongereindebat yn Ljouwert

08 okt 2007 - 10:31

De Nasjonale Jeugdried hâldt op 20 oktober in jongereindebat yn Poppoadium Romein yn Ljouwert. It giet ûnder oare oer homotolerânsje, Antilliaanske jongeren en it doarbelied by diskoteken yn Ljouwert.

It debat wurdt mei-organisearre troch de stifting Wykwurk, it sintrum Tûmba en de Jongeren Advies Raad. Twadde Keamerlid Sander de Rouwe(CDA), rapper Pete Philly en riedslid Farshad Bashir (SP) prate ek mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)