Goud foar Fryske silers

08 okt 2007 - 10:15

Marit Bouwmeester fan Warten is snein op 'e Iselmar by Medemblik Nederlânsk kampioen silen yn 'e Laser Radialklasse wurden. By de Yngling wie de titel foar de Friezinnen Marije Faber en Marije Kampen. Se diene dat mei stjoerfrou Mandy Mulder.

Yn de Finnklasse wie der in twadde plak foar Pieter-Jan Postma fan Terkaple. Hy hie ien puntsje minder as kampioen Karel van Hellemond.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)