Brommobyl oanriden by Wommels

De oanriden brommobyl op 'e krusing by Wommels (foto: Jaring Rispens)
Op 'e Westergoawei by Wommels hat sneintemiddei in oanriding plak fûn tusken in auto mei oanhinger en in brommobyl. De bestjoerder fan de brommobyl soe de provinsjale dyk oerstekke en seach de auto net oankommen mei de bosting ta gefolch.
De minsken yn de auto kamen mei de skik frij. De bestjoerder fan 'e brommobyl is foar de wissichheid nei it sikhûs brocht.