Afonso Alves 'muito feliz'

07 okt 2007 - 21:45

Muito feliz. Tige lokkich. Sa omskreau Afonso Alves syn gefoelens nei de sân goals dy't er snein makke yn de wedstriid Hearrenfean - Heracles. "Yn it fuotbal kin in soad, dat sjogge je hjoed mar wer." Alves lokwinske ek syn ploechmaten mei de grutte oerwinning.

Alves fûn ek dat it tiid waard dat er werris skoarde foar Hearrenfean. "De goals binne ek foar de wedstriden dat ik der net wie." Alves spilet kommende snein mei Brazilië tsjin Kolumbia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)