De Jong wint NK gersbaanracen
Jannick de Jong fan 'e Gordyk is yn Roden nasjonaal kampioen gersbaanracen wurden. Yn 'e finale kaam Jannick yn botsing mei Durk Fabriek, mar de wedstriid waard net ôfflagge. Fabriek koe net fierder en wie poerlilk op 'e wedstriidlieding.
Jannick de Jong wûn de finale mei oermacht. Sjoerd Rozenburg fan Alderberkeap waard twadde.