Honkbalclub no echt út 'e brân

07 okt 2007 - 16:45

Honk- en softbalferiening Drachten begjint dizze wike mei de bou fan in nij clubgebou. De nijbou kin betelle wurde mei finansjele help fan 'e haadsponsor.

De club is 'dakleas' sûnt in fûle brân yn jannewaris 2004. Sûnt dy tiid meitsje de leden gebrûk fan foarsjennings yn 'e beurt. No tongersdei wurdt de earste peal fan it nije honk slein. Takom jier maart moat it klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)