Dwerse, dronken Drachtster

07 okt 2007 - 16:11

In man út Drachten is sneontejûn oanhâlden neidat er mei syn auto by Aldegea oer de kop slein wie. Earder hie de man ek al in lampepeal omriden. Doe't de plysje by de auto oankaam, wie de bestjoerder útnaaid.

Letter hâlde de plysje in auto mei dêryn fiif minsken oan. De byrider siet ûnder de modder. Bliken dat it om de dronken bestjoerder fan 'e omsleine auto gie. Underweis nei it plysjeburo siet de arrestant ek noch te skellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)