'Winkels Drachten faker iepen'

B en W wolle winkels Drachten faker iepen hawwe
It gemeentebestjoer fan Smellingerlân wol it winkellju makliker meitsje om ek ris jûns nei tsienen iepen te wêzen. Tocht wurde moat oan 'e ferkeap fan in spesjaal boek of in cd.
De gemeente wol it fierders ek mooglik meitsje dat der beurzen en bysûndere eveneminten op snein en feestdagen hâlden wurde kinne. B en W freegje de gemeenteried om in oanpassing fan 'e winkeltideferoardening om de nije plannen realisearje te kinnen.