Relywinner fitert skoallen oan

© Omrop Fryslân
Skoallen moatte mear dwaan oan Frysk skriuwen. Dat sei Froukje Postma, ien fan 'e winners fan de Rely Jorritsmapriis 2007, dy't sneon yn Bears úrikt waard. Neist de 'grutte' Relyprizen waarden foar de fjirde kear ek de Juniorrely's oerlange.
Dit jier hawwe in rekordtal bern foar de Juniorrely ynstjoerd. Froukje Postma hie ferline jier noch foar de junior ynstjoerd. Neffens har kin it tal ynstjoerings noch wol wat heger.