CNV-belestinghelp yn Drachten
Fakbûn CNV iepenet meikoarten yn Drachten in servicepunt foar fragen oer belestingsaken. De help is bedoeld foar leden fan it bûn, mar ek foar net-leden. De help wurdt jûn troch frijwilligers dy't dêr in spesjale oplieding foar krije. It servicepunt krijt in fêst plak yn it CNV-regiokantoar yn Drachten. Alle twadde tiisdeis fan 'e moanne is it kantoar iepen.