'Mingd' miel yn moskee

Mei-inoar om 'e tafel....
De moskee yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen hat freed in ramadanmiel holden, foar alle bewenners fan de wyk. Hoewol't elke wykbewenner útnoege wie, kamen der net folle net-moslims op it miel ôf.
Heechterp-Schieringen is ien fan de opknapwiken fan minister Vogelaar, mei in heech persintaazje moslims. Hoewol't de opkomst dit jier ôffoel, hopet de organisaasje takom jier mear net-moslims begroetsje te kinnen.