Partijen ferdield oer oanpak

06 okt 2007 - 13:03

De PvdA stiet achter de maatregels dy't de provinsje nimt tsjin it lekken fan fertroulike ynformaasje. Dat seit fraksjefoarsitter Versteeg. De SP en VVD binne minder te sprekken oer de maatregels. Neffens de SP giet benammen it ynterne ûndersyk te fier.

De provinsje hat in amtner ûntslein om't se 'lekt' hie út in fertroulike brief oer de ferbou fan it tydlike provinsjehûs. Der komt ek in yntern ûndersyk nei oare lekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)