Blessuere Vandenbussche

06 okt 2007 - 12:30

Keeper Brian Vandenbussche docht snein net mei yn de wedstriid fan de Sportklub Hearrenfean tsjin Heracles. Hy hat lêst fan de knibbel. Dy blessuere rûn de Belch op yn de wedstriid tsjin Helsingborg, ôfrûne tongersdei yn Sweden. Dêr waarden de Feansters út de UEFA Cup knikkere.

Rob van Dijk is de ferfanger tusken de peallen. Fierder woe trainer Gertjan Verbeek noch gjin opstelling frij jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)