Motorrider ferwûne

06 okt 2007 - 12:20

In 48-jierrige motorrider út Marknesse is freed ferwûne rekke by in ûngelok op de Hoofdwei yn Nijelemmer. De motorrider ried troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam en gie ûnderút.

It slachtoffer is mei klachten oan de rêch en fuotten nei it sikehûs ta brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)