Hermans ynfloedrykste Fries

06 okt 2007 - 11:19

MKB-foarsitter Loek Hermans is de meast ynfloedrike Fries fan Nederlân.

Dat falt op te meitsjen út de Volkskrant-200, in oersjoch fan de 200 meast ynfloedrike minsken fan ús lân. Hermans is werom te finen op it 30-ste plak. President-kommissaris Lenze Koopmans fan de Rabobank is op nûmer 43 de twadde Fries. Tredde is Doekle Terpstra, foarsitter fan de HBO-ried op nûmer 73. Op nûmer ien yn de list stiet SER-foarsitter Rinnooy Kan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)