Mboua bringt Cambuur winst

05 okt 2007 - 22:11

SC Cambuur hat freedtejûn mei 2-1 wûn fan Stormvogels/Telstar. Marc_Mboua wie de grutte man oan de kant fan de Ljouwerters. Hy skoarde twa kear en brocht syn kompetysjetotaal dêrmei op seis goals.

It gelok siet de Ljouwerters dizze kear mei want de thúsploech skeat twa kear op de latte. Melvin_Holwijn skoarde noch wol yn de twadde helte mar fierder kaam Stormvogels/Telstar net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)