Poppoadium moat yn Beurs komme

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter poppoadium moat yn de Beurs by it Saailân komme. Op dit stuit sit de biblioteek deryn, mar dy wol der wol út.
De Westertsjerke soe ferboud wurde foar popmuzikanten, mar dat giet net troch. It is te djoer om it gebou lûdsticht te krijen. Fierder wurdt der neffens wethâlder Bleize neitocht oer de mooglikheid om it sintrum fan de keunsten yn de Beurs ûnder te bringen.