De Frijwilliger fan Fryslân

05 okt 2007 - 16:40

Jan_Kooistra fan Stiens is freed útroppen ta Frijwilliger fan Fryslân yn de NCRV-ferkiezing fan Frijwilliger fan Nederlân. Kooistra is frijwilliger yn it adellik museum Dekema_State yn Jelsum, dêr´t hy net allinnich rûnliedings fersoarget, mar echt alle foarkommende putsjes docht.

Ut alle provinsjes komt in winner en op 7 desimber wurdt dan bekend makke wa´t fan dy 12 úteinlik de frijwilliger fan Nederlân is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)