Oanhâlding lost ynbraken op

05 okt 2007 - 11:11

Mei de oanhâlding fan twa manlju út Ljouwert hat de plysje mear as 30 ynbraken oplost. Sy waarden ein july al oanhâlden, nei in ynbraak yn Drachten. Se sitte noch fêst. De manlju wiene aktyf yn Snits, Ljouwert, Drachten, Dokkum en Goutum.

Se wiene foaral út op audio- en fideo- apparatuer en sieraden en beane in part fan it stellen guod te keap oan op ynternet fia in famke út Ljouwert. Sy hat foar de jeugdrjochter west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)