Jonges mishannele yn Kollum

05 okt 2007 - 10:30

Twa jonges fan 12 en 13 jier út Kollum binne tongersdei yn harren wenplak mishannele. De jongste waard yn elkoar slein op de Adje Lambertszlaan, nei alle gedachten troch in groep jonges yn bomberjacks.

It 13-jierrige slachtoffer krige klappen op de Trekwei. Hy waard beetpakt en krige in fûstslach yn it gesicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)