Teloarstelling grut by H'fean

05 okt 2007 - 08:51

Spilers en trenersstêf fan Hearrenfean binne slim oanslein nei it dramatyske 5-1 ferlies fan tongersdei tsjin it Sweedske Helsingborgs. "Alles dat mis gean koe, gie mis", sei trener Gertjan Verbeek nei ôfrin. "Spilers en technyske stêf hawwe faald."

Middenfjilder Michael Bradley snapte neat fan it dramatyske ferlies. "Wy wiene net goed genôch, dat is wol dúdlik." Benammen de ferdigening fan Hearrenfean wie tongersdei tige swak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)