8 jier easke foar ferkrêfting

04 okt 2007 - 19:53

Tsjin in 60-jierige ynwenner fan Oosterland yn Noard-Hollân is juster 8 jier sel eakse. De man wurdt der fan fertocht in útprosedearre asylsiker ferkrêfte te hawwen en twongen te hawwen ta prostitúsje, ûnder oare yn it Griene Stjer-gebiet yn Ljouwert.

Omdat de man al earder foar in selde fergryp feroardielt is, is der no in heege straf easke troch it iepenbier ministearje. Oer twa wiken folget de útspraak

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)