Streuperijteam betrapet fisker

04 okt 2007 - 16:41

It fisktreuperijteam Fryslân hat woansdei fiif fiskfûken yn beslach nommen. De fûken stiene yn de Skraarderfeart tusken Skraard en Makkum.

Der is ien fertochte oanhâlden. De man ûntkende earst dat er wat mei de fûken te krijen hie, mar joech letter ta. Tsjin him is prosesferbaal opmakke omdat hy gjin goeie papieren hie. Ek foldiene de fûken net oan de wettelike easken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)