8 jier sel easke foar misbrûk

Tsjin in man (60) út Oosterland is acht jier sel easke foar seksueel misbrûk fan in Sineeske asylsiker. De fertochte misbrûkte de Sinees (20) sels en liet dat ek troch oaren dwaan. It gebeurde yn de Griene Stjer, op parkearplakken en by minsken thús.
Justysje seit dat de fertochte misbrûk makke hat fan de ôfhinklikheid fan it slachtoffer. Dy kaam as 15-jierrige jonge sûnder papieren yn Nederlân. Hy hie ek gjin ûnderdak.