"Eks-PvdA'ers sit net kwyt"

Fraksjefoarsitter Waterlander hat betanke foar de PvdA
De fiif eks-PvdA-riedsleden yn Littenseradiel binne net ferplichte har sit op te jaan. Se ha wol in ferklearring ûndertekene wêryn't se sizze dat se foar de PvdA yn de ried sitte. Mar juridysk hat dat neat om 'e hakken. Dat seit in wurdfierder fan it partijbureau fan de PvdA yn Amsterdam.
Fraksjefoarsitter Jan Waterlander sei woansdei dat er syn lidmaatskip fan de partij opjûn hat. Oft de oaren dat ek dien ha, is net dúdlik.