Lânskip De Blesse opkreaze

© Omrop Fryslân
De provinsje jout 117.000 euro subsydzje oan in projekt om it lânskip by De Blesse oan te passen. De gemeente Weststellingwerf wol wer houtwallen, boskstroken en singels yn it gebiet oanlizze.
Ynwenners fan it gebiet wurde belutsen by it ûnderhâld fan it grien. Ek lânskipsbehear Fryslân is by de útfiering fan it projekt belutsen. It plan kostet meielkoar 235.000 euro.