Bysûndere sprinkhoanne fûn

04 okt 2007 - 13:53

De sikkelsprinkhoanne is fûn yn Fryslân. Hy sit yn it natuergebiet de Blesdikerheide efter Wolvegea. De sikkelsprinkhoanne is grien, sa'n twa sentimeter lang en kin fleane.

It is noch net earder foarkaam dat dizze soart sa noardelik yn Europa fûn is. Neffens ûndersiker de Boer fan buro Faunax hat dat nei alle gedachten te krijen mei de opwaarming fan de ierde. Yn Fryslân binne mei inoar sa'n 25 soarten sprinkhoannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)