Trommel 6 wiken útskeakele

© Omrop Fryslân
Cambuur-ferdigener Jayson Trommel is seis wiken útskeakele, om't hy opereard is oan it ankel. Sandor van der Heide hat noch hieltyd te krijen mei in blessuere oan de foet. Ek hy spilet net tsjin Stormvogels/Telstar, freed.
Koen Brack begjint foar it earst dit seizoen op de bank. De ferdigener komt werom fan in brutsen foet. Jeroen Ketting mei foar it earst sûnt syn skorsing fan twa wedstriden wer spylje.