Langer fêst om mishanneling

© Omrop Fryslân
De fjouwer manlju dy't oanhâlden binne omdat se in Lemster mei in houten blokhammer op de holle slein ha, bliuwe noch 14 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter besletten.
De fertochten hiene spul yn de relasjonele sfear mei de Lemster. Sneontemoarn betiid waar de man slim mishannele mei in grutte houtene hammer. De fertochten wurdt poging ta deaslach en iepenlike geweldpleging te leste lein.