Hege sifers foar Sionsberg

04 okt 2007 - 09:53

Pasjinten fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum binne oer it generaal tefreden oer de soarch dy't ferliend wurdt. It sikehûs skoart in 7,9 yn in tefredenheidsûndersyk.

Benammen de freonlike benadering troch it personiel, mar ek de goede berikberheid en de fergese kofje wurde wurdearre. De ôfdieling eachhielkunde skoart mei in 8,1 it heechste rapportsifer yn it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)