CHN hat rekôrdtal studinten

04 okt 2007 - 08:49

Kristlike hegeskoalle CHN yn Ljouwert hat foar it earst yn de skiednis 7500 studinten. Sa'n 7000 studinten folgje in oplieding op ien fan de festigings yn Nederlân, de oaren yn it bûtenlân. De ynternasjonalisearing fan de CHN is de oarsaak fan de groei.

Ek is de ynstream fan it tal studinten oan de hotelskoalle dit jier mei acht persint tanommen. De CHN sil fuseare mei de Hogeschool Drenthe, wêrtroch't it tal studinten op 10.000 útkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)