Plysje: soarch oer lovergirls

© Omrop Fryslân
De plysje yn Fryslân makket him soargen oer de opkomst fan it fenomeen lovergirls. Dat binne froulju dy't famkes ronselje om dy dan yn de prostitúsje oan it wurk te setten.
Yn Fryslân binne sokke froulju noch net oppakt, mar de plysje sit der wol oer yn dat se hjir ek aktyf wurde. Loverboys binne hjir wol. Dat binne jonge manlju dy't famkes mei leafde of kado's ferliede en dêrnei twinge ta prostitúsje.