Bettere bestriding geweld

© Omrop Fryslân
Fryske skoallen kinne agresje, dieverij en geweld op skoallen tenei better bestride. Se krije dêrfoar in spesjale map mei dêryn nammen en nûmmers fan minsken dy't se benaderje kinne yn gefal fan in misdriuw. De map is mei ûntwikkele troch de gemeente Smellingerlân.
Fanút de skoallen kaam hieltyd faker de fraach hoe't sy omgean moasten mei gedrach dat te fier giet. De nije map kin dêrby helpe.