Net mear smoke yn de fearboat
It smoken op de fearboaten fan rederij Doeksen wurdt al yn jannewaris oan bannen lein. It smoken yn de bars en alle oare passazjiersromtes is mei yngong fan 2008 ferbean. Doeksen rint sa foarút op it beslút fan it kabinet om de hiele horeka smookfrij te meitsjen op 1 july 2008.
Der mei yn 2008 op de fearboaten nei Skylge en Flylân allinnich noch smookt wurde op de bûtendekken.