Oppakt foar slaan mei hammer

© Omrop Fryslân
De plysje hat trije ynwenners fan Skarsterlân en ien Weststellingwerver oanhâlden fanwege it mishanneljen fan in Lemster(41) mei in blokhammer. De man soe sneon troch de manlju op 'e holle slein wêze. Hy is oanslutend ferwûne opnommen yn it sikehûs.
De rjochter-kommissaris beslút woansdei hoelang de fjouwer fêstsitten bliuwe. De oarsaak fan de mishanneling leit neffens de plysje yn de relasjonele sfear.