Plysje pakt tassedief op

03 okt 2007 - 10:52

In frou fan 42 út Hurdegaryp is tiisdeitejûn bestellen fan har tas yn de Ljouwerter Bagijnestrjitte. De tassedief fytste har foarby en luts de tas fan it skouder. Op basis fan it sinjalemint hat de plysje letter twa fertochten oanhâlden. Ien fan harren hie de tas noch by him.

It giet om in Ljouwerter (28) dy't oanhâlden waard yn de Frijheidswyk. De oare fertochte hie neat mei de stellerij te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)