Súdlike stinzen yn boekje
Alle staten en stinzen yn Súd-Fryslân binne yn kaart brocht troch de stichting mei deselde namme.
Woansdeitemiddei waard de brosjuere mei de 19 âlde staten en stinzen presintearre op Epemastate yn Ysbrechtum. It is it twadde oersjoch dat de stichting makke hat. Earder binne de staten en stinzen yn en om Ljouwert hinne yn in boekje beskreaun.