'Jierferslach moat lêsberder'

03 okt 2007 - 07:55

It boargerjierferslach fan Frjensterteradiel kin better. Dat is de konklúzje fan de gemeentelik rekkenkeamerkommisje. De ynformaasje oan de boargers is no faak beheind ta keale sifers. As der mear yn it ferslach stiet, wurdt it miskien ek faker lêzen of soe it hûs-oan-hûs ferspraat wurde kinne.

De ôfrûne fjouwer jier is it ferslach twa kear opfrege troch ynwenners fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)