PvdA-fraksje L'diel stapt op

03 okt 2007 - 06:44

Alle fiif leden fan de PvdA-fraksje yn Littenseradiel binne woansdeitejûn út de partij stapt. Op de ledegearkomste fan de PvdA die bliken dat de fraksje en de partijleden net op ien lijn sitte. De partijleden hawwe op 'e nij betrouwen yn boargemaster Liemburg, mar dat gie de fraksje te fier.

De fiif opstapte fraksjeleden sille selsstannich fierder yn de ried. Ek PvdA-wethâlder Hernamdt bliuwt sitten yn it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)