B&W Ljouwert wer nei Cambuur

Aanst kinne de nije boargemaster en de wethâlder fan Sport nei alle wedstriden ta
It Ljouwerter gemeentebestjoer hat trije stuollen kocht foar de wedstriden fan SC Cambuur. Sa kinne aanst de nije boargemaster en de wethâlder fan Sport nei alle wedstriden ta.
No keapet it gemeentebestjoer losse kaarten. De kosten foar de stadionplakken, 9 tûzen euro, wurde fan de skuld ôfhelle dy't de club hat by de gemeente. Dy skuld is noch sa'n 2 ton.