Fermiste Balkster wer thús

© Omrop Fryslân
De fermiste Balkster Gijsbert Cok is wer te plak. Minsken dy't de foto fan de man by it berjocht fan syn fermissing sjoen hiene, herkenden de man wylst hy syn wenplak omrûn.
Dy warskôgen de plysje en dy hat de man nei hûs brocht. Cok wie sûnt sneontejûn fermist. Syn famylje en de plysje sloegen tiisdeitemiddei alarm omdat se bang wiene dat it net goed mei de man gie.