Programma KNVB-beker bekend
De Fryske klubs dy't noch yn it KNVBbekertoernoai sitte, spylje alle trije op ferskate dagen. Op tiisdei 30 oktober spilet SC Cambuur thús tsjin Excelsior. In dei letter moat SC Hearrenfean op besite by Ajax. De beloften fan Hearrenfean spylje op tongersdei yn en tsjin ADO Den Haach.
De wedstriid tusken Ajax en Hearrenfean wurdt rjochtstreeks op tillevyzje útstjoerd.