Redaksjes wolle Frysk skriuwe

Jacqueline Schippers fan doarpskrante fan Hurdegaryp wol har it Fryskskriuwen eigen meitsje
De reaksjes op in kursus Frysk skriuwen fanút de gemeente Tytsjerksteradiel foar redaksjes fan doarpskranten is boppe ferwachting. Yn totaal hawwe harren fyftjin minsken harren opjûn fanút in grut oantal doarpen yn de gemeente.
De kursus is bedoeld om it brûken fan de Fryske taal yn de doarpskranten te stimulearjen. De acht lessen begjinne ein oktober. Stikken út de eigen doarpskrante wurde brûkt by de kursus.