SNS Bank nei Drachten
De SNS Bank iepent begjin takom jier in festiging yn it sintrum fan Drachten. It nije bankkantoar krijt gjin kasfunksje en baly, mar is in advys- en ferkeappunt foar hypoteken, sparlienings en belizzingsprodukten.
SNS Bank hat yn Fryslân al festigings yn Ljouwert, Snits en op it Hearrenfean.